Peter Merx wint Omloop fan Trynwâlden

02 sep 2017 - 18:21

Hurdfytser Peter Merx út Grinslân hat sneon de Omloop fan Trynwâlden op syn namme skreaun.  Yn de sprint fan in kopgroep, mei dêryn ek Sven Kramer, pakte hy de winst foar Björn Bakker út Wynjewâld en Patrick van der Duin.

Lieuwe Westra fytste ek mei. De Omloop fan Trynwâlden wie syn lêste koers as hurdfytser. Hy sil mei syn freondinne emigrearje nei Australië.

(advertinsje)
(advertinsje)