Ynwenners Frjentsjer lilk op gemeente om 'Pedro-bankje'

04 sep 2017 - 06:30

Ynwenners fan Frjentsjer binne net te sprekken oer de plannen fan de gemeente Frjentsjerteradiel om it saneamde 'Pedro-bankje' fuort te heljen. Dit idee is ûntstien, omdat der geregeld oerlêst is fan jongerein by it bankje. Buertbewenners binne harren bewust fan de oerlêst, mar wolle it bankje net fuort ha.

Berend de Vries is ien fan de buertbewenners dy't it bankje net fuort ha wol. Neffens him moat boargemaster Eduard van Zuijlen him mear ferdjipje yn de histoarje fan Frjentsjer en yn de minsken dy't gebrûk meitsje fan it bankje: "De man heeft totaal geen weet van de gemeente Franekeradeel," sa seit er.

Trefwurden: 
Frjentsjer
(advertinsje)
(advertinsje)