ONS Snits pakt earste punt fan it seizoen by Spakenburg

02 sep 2017 - 17:06

De fuotballers fan ONS Snits hawwe sneon it earste punt fan it seizoen pakt. Yn en tsjin Spakenburg spile de ploech fan trainer Chris de Wagt mei 1-1 lyk. De Snitsers starten fol fjoer. Arton Musliu hie in goeie kâns, mar syn skot miste it doel. Op slach fan rêst kaam ONS op efterstân en socht de klaaihokken op by in 1-0 stân.

Yn de twadde helte wie it op 'e nij Musliu dy't tichtby in treffer wie, mar syn skot gie ditkear foarlâns. Mei noch in kertier te gean wie it wol raak en tekene Curty Gonzales foar de Snitser lykmakker. Yn de slotminuten hie de spits ek de winnende goal op 'e skoech, mar ditkear waard syn ynset keard.

Trefwurden: 
fuotbal ONS Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)