Tennisser Sander Arends wint challengertoernoai yn Como

Sander Arends © Omrop Fryslân
Tennisser Sander Arends út Ljouwert hat sneon it challengertoernoai yn it Italiaanske Como wûn. Tegearre mei syn dûbelmaat, de Kroaat Antonio Sancic, waard it 7-6 6-2 tsjin Aliaksandr Bury en Kevin Krawietz. Arends en Sancic wiene as earste pleatst yn Como.
"Het was een gekkenhuis vandaag. We hebben briljant gespeeld," sa sei Arends nei de finale. Mei de oerwinning pakt Arends 80 punten foar de wrâldranglist. Dêrop sil hy fan plak 129 nei plak 119 gean. Takom wike spilet er noch in challengertoernoai yn Italië, dan yn Genua.