Lykspul Harkemase Boys tsjin VVOG

02 sep 2017 - 16:35

Harkemase Boys is sneon yn de twadde wedstriid fan de kompetysje net fierder as in 0-0 lykspul kaam tsjin VVOG út Harderwijk. Op eigen fjild begûnen de Harkiten mei twa goeie kânsen foar Dennis van Duinen en Yannick Kaluzi. Beide slaggen der lykwols net yn te skoaren.

Nei de tee krige de ploech fan trainer Henk Herder op 'e nij knappe mooglikheden, mar sûnder dat it treffers opsmiet. Yn de slotfaze wie ynfaller Ezra Schrijver mei in skitterjende frije traap tichtby de winnende goal, mar syn skot koe noch krekt keard wurde troch de keeper út Hurderwyk.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
(Advertinsje)
(Advertinsje)