Boargemaster Gerbrandy grutsk op hynstesporteveneminten

Boargemaster Gerben Gerbrandy is tige grutsk dat syn gemeente twa grutte hynstesporteveneminten organisearje mei yn de simmer. Yn de gemeente Achtkarspelen wurde sawol it konkoers hippyk yn Bûtenpost as yn Droegeham hâlden. "Dit binne beide eveneminten mei in enoarme útstrieling, dêr't wy oe sa grutsk op binne."
Dat beide konkoersen yn Achtkarspelen binne hat in histoaryske kontekst, wit de boargemaster. "Hjir moasten de hynders eartiids altyd rêste. Ek ha wy hjir in hynstemerk dy't al 450 jier âld is." Gerbrandy is benammen te sprekken oer alle frijwilligers dy't har ynsette om dit mooglik te meitsjen. Wol stipet de gemeente wêr mooglik. Sels hat de boargemaster net sa folle doel oer hynders, jout er ta. Syn pake hie der mear doel oer.
In famyljebarren
Eelkje Boersma, foarsitter fan de organisaasje fan it konkoers hippyk yn Droegeham is tige tefreden oer it ferrin fan it evenemint. Boersma is de earste froulike foarsitter fan it konkoers yn Droegeham en folge Frank Roest op. In grutte feroaring wie dat lykwols net. "Ik ha al 23 jier yn it bestjoer sitten, dus ik wit fan A oant Z wat er by komt te sjen. Elkenien wit syn taak en wy ha in hiel soad frijwilligers dêr't wy fan op oan kinne."
Boersma komt sels út de dressuersport en is aktyf as sjuery. "Ik waard as lyts famke meisleept nei it konkoers yn Bûtenpost, dêr't my pake foarsitter wie. Doe't ik yn Droegeham kaam te wenjen, bin ik frege en ik bin nea wer fuortgong." De útdaging fan de nije foarsitter is om de túchsport foar it publyk ek yn de takomst oantreklik te hâlden. "Wy wolle in famyljebarren organisearje dat ek yn de kommende jierren stân hâldt. Wy besykje dat sa profesjoneel mooglik te dwaan."