Ouderplatform Leerlingenvervoer DFM lilk op gemeente

02 sep 2017 - 16:09

It Ouderplatform Leerlingenvervoer De Fryske Marren is lilk op de gemeente. Dy hat medyske gegevens fan bern dy't gebrûk meitsje fan it learlingeferfier trochspile oan ferfierder Witteveen. Neffens it platfoarm is dat yn striid mei de wet privacy persoansgegevens. Alden binne dêr min oer te sprekken en akseptearje de flater net. Ek binne de sjauffeurs yn it foar net yn de kunde kommen mei de bern, wylst dat wol ferplicht is.

It Ouderplatform kriget stipe fan in grut tal fraksjes yn de gemeenteried fan De Fryske Marren, mar net fan de twa grutste partijen yn de gemeente, CDA en FNP. Neffens de lilke âlden wurdt dat dien om de ferantwurdlik wethâlder te beskermjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)