Plysje hâldt 32-jierrige Ljouwerter sûnder rydbewiis oan

02 sep 2017 - 15:28
Oanhâlding - Foto: ANP

De plysje hat freed in 32-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Hy ried yn syn wenplak yn syn auto, en by kontrôle hie de plysje in sterk fermoeden dat er ûnder ynfloed fan drugs ried. Op it buro is de man in bloedproef ôfnommen. Dêr die ek bliken dat syn rydbewiis earder al ynnommen wie.

Trefwurden: 
plysje drugs
(advertinsje)
(advertinsje)