Loas alarm op Skylge om drinkeling
Op Skylge is sneontemiddei alarm slein nei in melding fan in drinkeling yn de Noardsee. Under oare de plysje en de KNRM fearen út mei boaten en jetskys, en in fleantúch fan de kustwacht hat ek meisocht. De plysje fan it eilân meldt dat it gong om in loaze melding. De drinkeling soe yn it echt in seehûn west ha.