Cambuur wol fan lêste plak ôf

02 sep 2017 - 14:29

SC Cambuur kin snein yn de útwedstriid tsjin FC Volendam net beskikke oer Darren Rosheuvel, Jordy van Deelen en Marvin Peersman. De rest fan de seleksje is fit. Rosheuvel rekke freed op de training blessearre en is sa'n seis oant acht wiken útskeakele. Van Deelen komt werom fan in blessuere en Cambuur-trainer Marinus Dijkhuizen hopet dat hy nije wike wer meidwaan kin oan de groepstraining. Peersman is noch skorst. Mooglik dat Sai van Wermeskerken, dy't ferline wike skorst wie, wol yn de basis begjint. Hy kin syn debút meitsje. De oare nije oanwinst, Kevin van Kippersluis, sit op 'e bank.

"Prima affiche"

"Je wilt van de laatste plaats af en je eerste overwinning boeken. Er staat wel druk op om te winnen, maar dat hoort bij Cambuur", fertelt Dijkhuizen, dy't neat sizze woe oer de opstelling fan snein. Hy sjocht Volendam as in goeie ploech: "Ze spelen herkenbaar voetbal en willen graag aanvallend spelen. Het is een prima affiche." Dat de wedstriid no om healwei ienen begjint yn plak fan om healwei trijen, is in tsjinfaller foar Dijkhuizen. "Ik vind het heel vervelend en ik snap de ophef wel. We moeten nu om half 10 al aan de sportmaaltijd. Ik ben er niet blij mee."

Kevin van Kippersluis

Oankeap Van Kippersluis kaam tongersdei oer fan FC Volendam. Hy trainde sneon foar de twadde kear mei by de Ljouwerters. "Ik ben goed opgevangen en heb het prima naar mijn zin. Veel jongens kende ik al van vroeger. Het voelt alsof ik al langer bij de club ben." De oanfallende middenfjilder hat trainer Dijkhuizen noch fan wat tips foarsjoen oer syn âlde klup. It wurdt foar him in bysûndere wedstriid. "Het is een dubbel gevoel. Aan de ene kant vind ik het wel mooi om die jongens meteen weer te zien, aan de andere kant is het ook wel lastig denk ik", seit Van Kippersluis.

De wedstriid tusken FC Volendam en SC Cambuur set snein om healwei ienen útein en is live te folgjen fia Omrop Fryslân Radio.

(Advertinsje)
(Advertinsje)