Hieltyd mear froulju by eksamens foar jachthûnen

02 sep 2017 - 12:48

Yn Gersleat binne sneon de jierlikse jachthûneproeven fan de Koninklijke Nederlandse Jagersvereniging. Goed 70 dielnimmers besykje acht testen sa goed mooglik te folbringen. Opfallend is dat der hieltyd mear froulju meidogge. Hûnen binne belangryk foar de jacht, omdat se it delsketten bist foar de jager ophelje kinne. Dochs binne der ek dielnimmers dy't it gewoan aardich fine om harren hûn te trainen sadat se in diploma helje kinne.

Oan de ein fan it evenemint wurde de diploma's útrikt. Dêrby binne trije gradaasjes: "C-beginners", "B-gevorderden" en "A-vergevorderde honden".

(Advertinsje)
(Advertinsje)