"Brânfeilichheid soarchtehuzen Kwadrant net op oarder"

02 sep 2017 - 12:27

Yn mear as de helte fan de gebouwen dy't de soarchynstelling KwadrantGroep brûkt foar de húsfesting foar âlderen, is de brânfeilichheid net op oarder. Dat seit de brânfeilichheidsynspekteur fan de KwadrantGroep sneon yn de Ljouwerter Krante. Needsaaklike ferbetteringen binne al jierren net dien, seit er. Olaf van der Heide is binnen de KwadrantGroep ferantwurdlik foar de brânfeilichheid. Dat is in topprioriteit binnen de soarchynstelling, seit er. Neffens him foldogge alle gebouwen oan de easken fan de brânwacht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)