43 jier leafde foar boeken

02 sep 2017 - 12:14

Sy stean tusken de blommen, gebak en flessen drank yn: Klaas Koelhuis en Tessa Blaauw fan de Brunawinkel yn Frjentsjer geane sneon nei 43 jier mei pensjoen. Se hawwe de winkel ferkocht. Net alle boekwinkels slagget it om sa lang bestean te bliuwen. Dat it hjir wol koe, neffens Koelhuis en Blaauw ûnder oare trochdat sy oansletten binne by in lanlike organisaasje. Mar ek de leafde foar it boek hat hiel wichtich west. Sy hawwe ek altiten omtinken jûn oan it Fryske boek en sjogge dat de ferkeap dêrfan dochs wat weromrint. Klaas Koelhuis ropt syn kollega's dêrom op om mear te dwaan en in boekekast mei Fryske boeken yn de winkel te setten.

(advertinsje)
(advertinsje)