Fjirtjin lytse musea wolle mei elkoar gearwurkje

02 sep 2017 - 11:50

Fjirtjin lytse musea yn Ljouwert en omkriten kamen freedtejûn yn Deinum byelkoar om te praten oer mear gearwurking. It giet ûnder oare om it Skûtsjemuseum yn Earnewâld, it Schoolplatenmuseum yn Deinum en it Beerenburg Museum yn Ljouwert. Troch better gear te wurkjen, hoopje de musea mear nammebekendheid te krijen en mear besikers. Mei it each op Kulturele Haadstêd 2018, wolle de musea al dit jier komme ta in gearwurkingsplan. Ien fan de ideeën is om in rûte te meitsjen tusken de musea en om de iepeningstiden opelkoar ôf te stimmen.

Neffens regio-oanjager Douwe Gerlof Heeringa is der in protte entûsjasme by de dielnimmende musea om de koppen byelkoar te stekken. Ek ferskate toeristyske platfoarms wiene by it petear oanwêzich om mei te tinken. Heeringa: "Dizze bysûndere lytse musea binne no typysk 'mienskip'. Mar ek foar in grutter ynternasjonaal publyk binne de musea tige nijsgjirrich om te besykjen. Om dat foarelkoar te krijen, sil der mear gearwurke wurde."

(Advertinsje)
(Advertinsje)