Kollum: "Johan Cruijff en Abe Lenstra"

02 sep 2017 - 08:19

"It nije fuotbalseizoen is wer begûn. It liket wol oft der alle jierren mear jild yn omgiet. De tiid dat it saneamde Bosman arrest grut nijs wie, leit fier achter ús. Klups jouwe eksorbitante bakken mei jild út om de bêste spilers oan har te binen. Faak spilet der in rike sûkeromke in rol yn dat spultsje. Smoarrike sakeminsken dy’t fan gekkichheid net witte wat se mei al dat jild oan moatte en dan mar in klup yn Europa opkeapje. Let wol, dit is net nij, yn Amearika binne hast alle profklups fan in eigner dy’t meast op de achtergrûn bliuwt.

Dat it net altyd sûnder risiko is om je klup oan de mammon te ferkeapjen binne ek foarbylden fan. Yn Den Haach kinne se dêr prachtige anekdoates oer fertelle. Sport draait yn de grutste kompetysjes om jild. De top fertsjinnet in berch jild, mar sakje jo in pear stapkes, sjocht it der hiel oars út. No bin ik altyd foar foarútgong, mar der binne grinzen. Ferline wike hie ik in petear mei Mister Heerenveen, Maarten de Jong. Jim kenne him grif noch wol, de stofsûger op it middenfjild dy’t de djoerste Braziliaanske spitsen fan PSV it fuotbaljen ûnmooglik makke en harren kompleet út de wedstriid spile. Maarten de Jong wie earst semyprof. Hy wurke by ien fan de trouwe âlde sponsors fan de Sportklup, in grutte stoffearderij en hy ferkocht my myn earste flierkleed. Dus gewoan oan it wurk en dan trene. Hoe soe menear Neymar da Silva Santos Júnior dêroer tinke? De man dy’t foar mear as 200 miljoen oan oaljedollars fan Barcelona nei Parys gie te balskoppen?

Jild makket alles yn de fuotballerij floeiber, sa liket it. Yn Ingelân, dochs it lân fan tradysjes, prestearre ien as oare rike ynvestearder it sels om in tradisjoneel blau shirt te ferfangen troch in read. Gewoan, omdat wie betaalt, bepaalt, sis mar. Sa ha de marketingjonges en -famkes fan de grutte bedriuwen ek guon klups safier krigen dat se foar in som jild de namme fan it stadion oernimme. En dat giet my fierstente fier. Je sjogge it yn Nederlân ek, AZ fuotballet yn it AFAS stadion, Twente ballet yn de Grolsch Veste, Excelsior hat it fertroude Woudestijn omdoopt yn it Van Donge & De Roo stadion. Gjin idee hokker bedriuw dat is, mar it flokt as stadionnamme. Ek VVV syn âlde De Koel moast der oan leauwe, dat hjit no Seacon Stadion. En tichterby hat FC Grins in oantal jierren lyn it Oosterpark ynruile foar de Euroborg. Prachtige namme foar in moai stadion. Mar ek dêr hat it jild it fan de tradysje wûn en geane de minsken no nei it Noordlease Stadion. En yn Zwolle is it Oosterenk ferwurden ta MAC³PARK Stadion. De list is langer, yn de earste difyzje hat de Rabobank him ynkocht by Telstar, Yanmar by Almere en sa kin ik wol trochgean. Allegearre tydlike yngrepen, inkel om in pear rotsinten.

Lokkich binne der oare foarbylden. Yn Eindhoven bygelyks, dêr’t njonken it Philips Stadion fan PSV, it iennichste stadion dat mei rjocht de namme fan syn sponsor drage mei, ek it Jan Louwers stadion fan FC Eindhoven stiet. Yn Breda spilet NAC yn it Rat Verlegh Stadion en Ajax is einliks safier dat se de ArenA nei harren grutste ikoan neame sille. Krekt sa as dat op It Hearrenfean bard is, dêr’t it Gemeentelijk Sportpark feroare yn it Abe Lenstra Stadion. Ik hoopje dat alle bestjoerders dy’t it yn de takomst foar it sizzen krije nea oan de namme fan it stadion komme sille. Ja, je moatte mei de tiid mei, mar der binne grinzen."

(advertinsje)
(advertinsje)