Opknapbeurt oan haadfjild ONS Snits set útein

01 sep 2017 - 22:08

Yn Snits wurdt drok wurke om it haadfjild fan fuotbalklup ONS Snits op te knappen. It keunstgersfjild op it Sudersportpark is ôfkard en de earste thúswedstriid is dêrtroch al op in oar fjild spile. Op 20 septimber komt FC Twente nei Snits foar de KNVB-beker en dêrom wurdt der alles oan dien om it fjild op tiid ree te meitsjen. 

Nije toplaach

Neffens ONS Snits-foarsitter Klaas Uil is de 'refitalisearring' fan it haadfjild in oplossing foar de koarte termyn. Foar de lange termyn moat der in nije toplaach komme. "Ik blijf van mening dat we die voor de winterstop moeten hebben", seit Uil. In nije toplaach kostet sa'n 200.000 euro. De gemeente Súdwest-Fryslân moat beslute oft se it jild dêr oan besteegje wolle, omdat sy de fjilden beheare.

(advertinsje)
(advertinsje)