Min begjin froulju SC Hearrenfean: ferlies fan VV Alkmaar

01 sep 2017 - 21:50
Foto: awfoto.nl

De froulju fan Sportklup Hearrenfean binne it nije seizoen min begûn. Yn de earste kompetysjewedstriid, op it eigen Sportpark Skoatterwâld, waard freedtejûn mei 2-0 ferlern fan VV Alkmaar, nei in rêststân fan 1-0 foar de gasten. VV Alkmaar kaam earder út ûnder de namme Telstar Vrouwen.

(advertinsje)
(advertinsje)