Kontaktleas kollektearje yn Ljouwerter wyk Suderbuorren

02 sep 2017 - 09:00

Yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren wurdt nije wike kontaktleas kollektearre foar KWF Kankerbestriding. Ljouwert is ien fan de 56 proefgemeenten dêr't kontaktleas kollektearre wurde sil. Minsken kinne yn stee fan kontant jild, dan gebrûk meitsje fan harren bankpas. Der wurdt gebrûk makke fan tsien nije kollektebussen, dy't dus allinnich ynset wurde yn Suderbuorren. Yn de rest fan Ljouwert wurdt noch op de âlderwetske wize kollektearre.

Nije wike wurdt der yn hiel Nederlân kollektearre foar KWF Kankerbestriding. It is de bedoeling dat oare organisaasjes ek kontaktleas kollektearje sille.

(Advertinsje)
(Advertinsje)