Omrop TIP: Koarnwertersân, doarpke op de Ofslútdyk

Koarnwertersân © Omrop Fryslân - Aukje de Hoop
By de oanlis fan de Ofslútdyk waard op in sânplaat foar Koarnwert in wurkeilân oanlein: it hjoeddeistige Koarnwertersân. Yn houten barakken wennen de dykwurkers. Doe't de kazematten boud waarden moasten de houten hûskes ferdwine, se stienen yn de sjitrjochting. Yn plak derfan sette Rykswettersteat der stienen huzen del foar har wurknimmers.
Slûsmasters en brêgewachters wienen ferplichte op Koarnwertersân te wenjen, omdat se dan by kalamiteiten gau te plak wêze koenen. Doe't dizze ferplichting opheft waard woe it Ryk alle huzen slope, mar de bewenners kamen yn aksje. Sadwaande kamen de wenningen te keap te stean en bestiet it doarp Koarnwertersân noch altyd.
Skoalbus
Der is in soad feroare yn it noch jonge doarp. It doarp hat wol sa'n 90 ynwenners hân. Jonge gesinnen mei bern. De skoalbus brocht se nei skoalle yn Makkum. Der wie sneinsskoalle en feesten lykas Sinteklaas waarden organisearre. Mar tiden feroarje, minder minsken fûnen wurk op de slûzen en brêgen. It doarp Koarnwertersân waard lytser en lytser. No wenje der noch 22 minsken, allegear fyftich-plussers. Aktiviteiten wurde der net mear organisearre.
It is in doarp fan leafhawwers wurden. Leafhawwers fan rêst, wetter en moaie loften. Lykas Albert en Truida van der Weerd, se wenje al 42 jier op Koarnwertersân. Albert waard yn 1975 slûsmaster op de Lorentzslûs en bleau dêr oant syn pensjoen. Of Juliet Lampe. Nei har skieding kaam dizze Amsterdamske 13 jier lyn nei Koarnwertersân om opnij te begjinnen en se hat der gjin spyt fan. Yntusken wurket se ek al fiif jier as frijwilliger yn it Kazemattemuseum.
In dei op Koarnwertersân
Buro de Vries strúnde in dei op Koarnwertersân om. Op it camperplak, by de Kazematten en ek op de Lorentzslûs. Dêr fertelde de slûsmaster ús dat sy ek each ha foar de fisken. "Visvriendelijk schutten en spuwen" neame se dat. It is allegear te hearen yn diel 9 fan de simmerrige "Ferhalen fan it Waad".
De besite oan Koarnwertersân makket diel út fan de rige waadferhalen dy't Buro de Vries fan 't simmer útsjoert. It is de njoggende ôflevering fan de simmerrige "Ferhalen fan it Waad", alle sneinen yn Buro de Vries en ek beskikber as podcast.