Hearrenfean iepenet digitaal kultuerplein

01 sep 2017 - 20:14

Hearrenfean krijt in digitaal kultuerplein. Dit is in online moetingsplak foar alle minsken yn de gemeente dy't wat mei kultuer dogge of dwaan wolle, fan profesjoneel oant amateur. It is te finen op de webside cultuurpleinheerenveen.nl. Hjir kinne minsken mei-elkoar yn kontakt komme, is in kultueraginda te finen en kinne tsjinsten frege en oanbean wurde. Wethâlder Hans Broekhuizen fan kultuer iepenet it kultuerplein sneon om twa oere op de Lindegracht yn it sintrum fan It Hearrenfean.

It kultuerplein is in inisjatyf fan fjouwer subsidiearre ynstellingen yn de gemeente: it Posthuis Theater, Heerenveen Museum, Ateliers Majeur en Bibliotheek Heerenveen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)