Bangma einiget as fjirde yn tiidrit WK parahurdfytsen

De finish fan Tristan Bangma © www.cyclingsa.com
Parahurdfytser Tristan Bangma fan Donkerbroek is freedtemiddei krekt neist it poadium einige op de tiidrit by it WK paracycling yn Súd-Afrika. Tegearre mei piloat Patrick Bos waard er 4e. Bangma gie foar de medaljes, joech er woansdei oan by syn foarútsjoch op it WK. Alyda Norbruis fan Oerterp pakte freed it sulver op de tiidrit.
Ferline jier wûn Bangma noch goud op de baan by de Paralympyske Spelen yn Rio. Snein komt Bangma yn aksje by de wedstriid op de dyk.