Yn aksje foar besikerssintrum Harnzer ierdewurkfabryk

02 sep 2017 - 08:00

As der net gau wat bart, rekket Harns in besikerssintrum kwyt dat no noch tûzenen minsken lûkt. De Harlinger Aardewerk- en Tegelfabriek ferhuzet nei in bedriuwsterrein en it oanhâlden fan it besikerssintrum oan de Voorstraat en Heiligeweg wurdt dan in dreech ferhaal.

De stichting Fries Blauw sil no middels de nije stichting V84H25 obligaasjes útjaan om 350.000 euro byinoar te krijen. Mei dat jild kinne de gebouwen kocht wurde. De earste reaksjes binne posityf, sa seit foarsitter Ben van der Ham fan de stichting Fries Blauw. Minsken dy't harren melde, krije earst in folder opstjoerd. Ynkoarten wurdt der ek in spesjaal mailadres iepene foar de aksje.

(advertinsje)
(advertinsje)