Spanje leveret fertochte sjitpartij Bert Jonker út

01 sep 2017 - 16:13

De man (57 jier) dy't derfan fertocht wurdt dat er direkteur Bert Jonker fan yngenieursburo Clafis besketten hat, is troch Spanje útlevere oan Nederlân. De fertochte waard mids july oanhâlden yn de buert fan Barcelona. Hy beskeat Jonker begjin jannewaris op it parkearterrein fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean, nei ôfrin fan it EK reedriden. Dêrnei naaide er út en wie er in healjier spoarleas.

De man is oanhâlden op fertinking fan moard dan wol deaslach, seit justysje.

(advertinsje)
(advertinsje)