Wurdt Hearrenfean sportgemeente fan it jier 2017?

© Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
Hearrenfean is nominearre foar de titel 'sportgemeente van het jaar'. De titel wurdt takend troch de Vereniging Sport en Gemeenten. Dy hat njonken Hearrenfean noch trije oare gemeenten yn Nederlân nominearre foar de titel, nammentlik Alphen aan den Rijn, 's Hertogenbosch en Hoogeveen. De titel giet nei de gemeente dy't it bêste wurk makket fan sportbelied.
Op 27 septimber wurdt bekend wa't de sportgemeente fan it jier 2017 wurdt.