FIDEO: Portretten fan ITGWO-gongers

02 sep 2017 - 12:53

Into The Great Wide Open is wer begûn op Flylân. It festival is fan 31 augustus oant en mei 3 septimber. Fjouwer dagen lang is it eilân ûnderdompele yn muzyk en keunst.

Namme: Julia
Leeftiid: 24
Wenplak: Amsterdam
Wurk: Krekt ôfstudearre oan de Kunstacademie yn Den Haag

Hoe soesto Into The Great Wide Open omskriuwe?

"Ik ferwachtsje in mingelmoes fan keunst, muzyk, lekker iten. In rêstige vibe, gewoan in aardich feestje."

Wat is dyn kledingstyl?

"No, ik ha myn favorite spikerbroek oan mei in koart wyt topke en in jas dy't oeral wol bypast. It is merknammen belangryk dat it chill is. Dat it lekker sit."

Foar hokker bands komsto nei Into The Great Wide Open?

"Einliks kom ik foar Philip Vermeulen, in keunstner, mei de Boem bOem Physical Rhythm Machine, wat in echt spektakel is. Dat is in ynstrumint dat tennisballen mei 120 kilometer yn de oere fuort sjit op houten panielen. Dêrmei makket de keunstner ritmes en komposysjes."

Wat is dyn ultime tip foar de nije Into The Great Wide Open-gongers?

"Belle & Sebastian, dêr wol ik sels ek noch graach hinne. Dêr lústere ik eartiids in protte nei en it docht my tinken oan eartiids. Fierder lit ik my ferrasse want ik ha gjin idee wat der noch mear op it programma stiet."

//

Namme: Sebastiaan
Leeftiid: 43
Wenplak: Oudekerk aan de Amstel
Wurk: Radiolooch

Hoe soesto Into The Great Wide Open omskriuwe?

"As in hearlik festival. We hawwe it kennen leard troch myn skoanmem dy’t boargemaster west hat op Flylân. It is in hiel relaxed festival foar bern en folwoeksenen. It is ek hiel sfearfol."

Wat is dyn kledingstyl?

"Ik ha dit wol echt oan foar it festival. Normaal sprutsen ha ik dit net oan. Is in bytsje relaxed. De chill outfit."

Foar hokker bands komsto nei Into The Great Wide Open?

"We komme net spesjaal foar in band of foar muzyk. We komme echt foar de sfear en it hiele festival."

Wat is dyn ultime tip foar de nije Into The Great Wide Open-gongers?

"Foar my is it de tredde kear en myn tip is foaral; rin fan poadium nei poadium. En dan mei nammen jûns as de lampkes oan binne, troch de bosken. En lekker relaxe."

(advertinsje)
(advertinsje)