FIDEO: Eaststellingwerf fiert jubileum mei Volksloop

01 sep 2017 - 17:50

Eaststellingwerf bestiet 500 jier en ien fan de aktiviteiten is in tocht fan fjouwer myl. Mei elkoar dogge goed 1.000 dielnimmers mei. Der is ek in Kidsrun en in tocht foar ferstanlik beheinden. Elk mei meidwaan: hurddravers, rekreanten, kuierders, rolstoelbrûkers, bedriuwen en bern.

De start is freedtejûn en de fjouwer myl giet fan Appelskea nei Easterwâlde. De dielnimmers meie ferklaaid komme, der binne dj's en koaren en lâns de rûte stiet in dweilorkest en De Kast treedt ek noch op.

(Advertinsje)
(Advertinsje)