Mei hantekeningen tsjin leechfleanen Lelystêd nei Den Haag

01 sep 2017 - 15:25

Fjouwer aksjegroepen gean tiisdei oer in wike mei goed 50.000 hantekeningen nei Den Haag om te protestearjen tsjin de leechfleanplannen fan fleanfjild Lelystêd. Yn dy plannen komme fleantugen op 1800 meter of noch leger oer wengebieten en bysûndere natuergebieten, ûnder oare yn Fryslân.

De aksjekomitees krije stipe fan ynwenners, bedriuwen, natuerorganisaasjes en oerheden út alle hoeken fan de provinsjes Fryslân, Drinte, Oerisel en Gelderlân. De komitees wolle dat de Twadde Keamer de leechfleanrûtes tsjinhâldt.

(advertinsje)
(advertinsje)