Twa Poalske bemanningsleden Wellington wurde begroeven

01 sep 2017 - 16:42

Twa fan de seis Poalske bemanningsleden út de delstoarte Vickers Wellington wurde kommende woansdei begroeven. Dat bart yn Amsterdam, dêr't al trije fan de fjouwer oaren lizze. Yn maaie 1941 waard de Britske bommewerper boppe de Iselmar by Gaasterlân delsketten. Ferline jier is yn de simmer it fleantúch út it wetter helle. Dêr is doe in part fan de Iselmar foar drûchlein. Doe binne ek de twa stoflike resten fan de bemanningsleden oantroffen. 

"By de begraffenis komme 60 militêren, twa generaals en in ûnderminister út Poalen," fertelt Peter Boomsma. Hy wie as kommunikaasjemeiwurker nau belutsen by de bergingsoperaasje en hat dêr ek in boek oer skreaun. "Bysûnder is dat ek twa famyljeleden fan de omkommen mannen komme. Ien is de soan dy't twa jier wie doe't syn heit yn 1941 omkaam. Hy is no 78 jier." Fan ien fan de begroeven mannen is nei de berging de identiteit bekend wurden. "Dy krijt no in nije stien, mei syn namme derop." Der is in seremoanje yn in roomsk-katolike tsjerke en dêrnei giet it selskip nei it begraafplak.

By Aldemardum wurdt woansdei ek in paniel ûntbleate mei ynformaasje oer wat der barde yn de maaiedagen fan 1941. Earder wie der al in monumint op it plak delset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)