Moanne de sel yn om bedriging buertagint

01 sep 2017 - 13:32
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

In 37-jierrige man út Ferwert moat ien moanne de sel yn om't er in buertagint bedrige hat. Yn novimber hat de man fjouwer kear belle mei de meldkeamer, en drige dat er de buertagint fermoardzje woe. De agint hie yn oktober in melding krigen fan lûdsoerlêst by it Koetshûs yn Visvliet. Doe't er kaam te sjen, trof er de 37-jierrige fertochte oan. Twa wiken dêrnei hie de agint wer nachttsjinst en kaam er de fertochte opnij tsjin by in melding fan oerlêst. De Ferwerter seit dat er yndie de meldkeamer belle hat, en dat er tinkt dat er ek bedrigings utere hat. De man hat earder yn oanrekking west mei justysje, en de rjochter lit swier meiwage dat er de bedrigings die oan it adres fan in agint dy't gewoan syn wurk die.

Trefwurden: 
justysje bedriging buertagint
(advertinsje)
(advertinsje)