Jonges en famkes apart? Op Simmerskoalle docht it fertuten

Jonges en famkes yn aparte klassen lesjaan pakt hiel posityf út. Sa goed sels dat de Ljouwerter Simmerskoalle it takom jier foar alle groepen tapasse wol. Dizze simmer hat de 'Zomerschool-058' der fjirtjin dagen mei proefdraaid. De juffen, de masters mar ek de bern wiene allegear tefreden en wolle eins net mear oars. De famkes binne fan de drokke jonges ôf en de jonges fan de pratende famkes.
Neffens koördinator Koos Pot blykt it ek bot effektyf: de bern stekke oantoanber mear op. Se tinkt lykwols net dat it foar de gewoane basisskoalle tapast wurde moat, mar sjocht wol mooglikheden om it foar bepaalde mominten of fakken te dwaan.