Wedstriid Volendam-Cambuur ferpleatst om feiligens

01 sep 2017 - 12:27

De wedstriid Volendam-Cambuur dy't snein om healwei trijen spile wurde soe, is ferpleatst nei healwei ienen. It giet om in beslút fan de boargemaster fan Edam-Volendam dat mei feiligens te krijen hat. De beide klups binne net by it beslút belutsen. Cambuur is it der ek net mei iens en hat dat yntusken kenber makke oan de KNVB. Cambuursupporters soene foarôfgeand oan de wedstriid nei de Dyk yn Volendam, mar ek dat mei net fan de boargemaster.

Cambuursupporters dy't snein net mei kinne nei Volendam, omdat de wedstriid twa oeren earder spile wurdt, kinne har jild werom krije.

Algemien direkteur Ard de Graaf fan Cambuur wie net op 'e hichte fan it beslút en is fernuvere oer de gong fan saken. "Dit is blijkbaar een besluit van de burgemeester van de gemeente Edam-Volendam, maar die vindt het blijkbaar niet nodig om de betrokken partijen zoals de KNVB en Cambuur hierover te informeren. Zeer amateuristisch" fynt De Graaf.

(advertinsje)
(advertinsje)