Sulver foar Alyda Norbruis op tiidrit WK parahurdfytsen

01 sep 2017 - 12:21
Alyda Norbruis - Foto: Martin de Jong

Parahurdfytster Alyda Norbruis hat freed in sulveren medalje wûn op de tiidrit mei it WK. It kampioenskip wurdt hâlden yn Súd-Afrika. Woansdei sei Norbruis noch dat se gjin hege ferwachtingen hie fan dit WK.

De Nederlânske seleksje ûnder lieding fan bûnscoach Eelke van der Wal is sterk begûn oan it wrâldkampioenskip. Handbikers Carmen Koedood en Jetze Plat feroveren beide al in wrâldtitel. Dêrmei is it toernoai foar de Nederlânske ploech no al it meast súksesfolle wrâldkampioenskip parahurdfytsen op 'e dyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)