Danny Noppert: "Ik kin allinne mar better wurde"

Danny Noppert hat besletten om him folslein op syn sport, it darten, te rjochtsjen. De Jouster hat syn fêste baan as heftrucksjauffeur opsein. "It wie in dreech beslút en ek spannend. Mar it is ek in leuke útdaging en ik sjoch der bot nei út." Noppert helle yn jannewaris de finale fan it wrâldkampioenskip fan it dartbûn BDO op it toernoai op de Lakeside. "Dêr ha ik leuk prizejild wûn en dat ha ik achter de hân."
Mooglik stapt er oer nei it gruttere en bekendere dartbûn PDC, dêr't Michael van Gerwen en Raymond van Barneveld by sitte. "It prizejild is gigantysk en ik wit dat ik it kin. Wêrom dan net foar it grutte jild gean? Foarich jier ha ik goed goaid op de grandslam en ik doch dat neist myn 38-oerige wurkwike, wylst oaren har inkeld op darten rjochtsje kinne. Aanst kin ik dat ek fulltime dwaan, dus ik kin allinne mar better wurde."