Verenigd Links Ljouwert tsjinnet WOB-fersyk yn oer Caparis

01 sep 2017 - 12:10
It filiaal fan Caparis yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De gemeentefraksje fan Verenigd Links yn Ljouwert hat in WOB-fersyk yntsjinne om stikken oer Caparis yn hannen te krijen. It giet ûnder oare om notulen en ferslaggen fan de Gemeenschappelijke Regeling Sociale Werkvoorziening Fryslân, ferslaggen fan de gearkomsten fan de ried fan kommissarissen fan Caparis en it Befoemarapport. Hjiryn moat it ferslach stean fan it wethâldersoerlis fan 17 maart fan dit jier. Mocht it kolleezje it WOB-fersyk wegerje, dan oerwaget Verenigd Links juridyske stappen.

Riedslid Jan van Olffen sjocht dit WOB-fersyk as syn ôfskiedskado foar de lokale demokrasy. De partij wol de stikken, om sa har kontrolearjende taak as politike partij út fiere te kinnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)