Fryske artysten fersoargje 'Fryske jûn' yn Amsterdam

01 sep 2017 - 11:54

De Fryske bands Vangrail, De Kast en Elske DeWall trede kommend jier op yn Amsterdam. Dat dogge se yn AFAS Live, de eardere Heineken Music Hall. Yn de seal is plak foar 6.000 minsken. 

Dat hat de band Vangrail bekend makke op it Glemmer Beach Festival. Op sneon 6 jannewaris steane meardere Fryske artysten op it poadium fan de grutte konsertseal. Under de namme ‘Fryske jûn’ sille op dy jûn ek Gurbe Douwstra, Piter Wilkens en Johannes Rypma in optreden fersoargje. Waarman Piet Paulusma docht ek mei, hy sil ferskate artysten oankundigje. De kaartferkeap giet freed 8 septimber fan start.

It is foar it earst dat meardere Fryske artysten yn sa'n grutte seal bûten de provinsje stean. Earder dit jier spilen Hessel en Tess yn it útferkochte Ziggo Dome. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)