Hûnen soargje foar oerlêst op boaten fan Doeksen

01 sep 2017 - 11:40
(fotofoarbyld, dit is net de hûn fan it berjocht) - Foto: Omrop Fryslân

Hûnen soargje hieltyd faker foar oerlêst oan board fan de feartsjinsten fan Doeksen. It giet dan sawol om blaffen as biten. Koartlyn noch waard in frou op hege leeftiid yn har earm biten troch in hûn fan in oare passazjier. Har ferwûnings koene fuortendalik fersoarge wurde troch in purser oan board, mar op it eilân moast se fuort nei de húsdokter. En de skrik siet der goed yn.

Neffens direkteur Paul Melles blaffe ek de baaskes tsjintwurdich in aardich stikje mei. Melles docht yn syn kollum op de website fan de rederij in oprop oan hûnebesiters om harren bisten sa te 'parkearen' dat oare passazjiers der gjin lêst fan hawwe. Dat betsjut dus ek dat se net op de banken of stuollen sitte meie. Der binne hûnfrije sônes op de skippen, sadat minsken dy't benaud binne foar de bisten, rêstich har oertocht meimeitsje kinne.

Trefwurden: 
Doeksen oerlêst hûnen
(advertinsje)
(advertinsje)