Soargen yn Eaststellingwerf oer fleanfjild Lelystêd

It fleanfjild by Lelystêd. © ANP
Politike partij Ooststellingwerfs Belang hat noed oer de plannen foar de útwreiding fan fleanfjild Lelystêd. Benammen de oerlêst fan de legere fleanrûtes soarget foar argewaasje. Neffens de partij liket it derop dat der, nei protest, ekstra rekken hâlden wurdt mei buorgemeenten. Yn eardere plannen soene de rûtes benammen oer it suden fan Fryslân lizze. It giet dan om Gaasterlân, de Tsjûkemar en de Rottige Meente.
Mar nei protest hat de steatssekretaris de plannen oanpast. No lykje de fleantugen benammen oer Appelskea en De Fochtel. Ooststellingwerfs Belang hat grutte muoite mei de plannen. Neffens harren mei in protest yn buorgemeente der net ta liede dat der ekstra oerlêst yn Eaststellingwerf komt. De partij tsjinnet hjiroer in moasje yn by de kommende gemeenteried.