Snobbersguodfabryk Drachten draait wer

01 sep 2017 - 10:39
Foto: De Vries media

It snobbersguodfabryk Continental Candy Industries yn Drachten draait wer. It bedriuw moast tongersdeitejûn ûntromme wurde, nei't meiwurkers in brânlucht rûkten. Der wie wat mis mei in masine dêr't moal mei transportearre wurdt. De produksje hat mei elkoar sa'n fjouwer oeren stillein.

It bedriuw makket ûnder oare dropkes, skúmkes en jellybeans.

(Advertinsje)
(Advertinsje)