Lichem fûn yn it wetter oan de Woudweg yn Dokkum
Yn it wetter oan de Woudweg yn Dokkum is freedtemoarn it lichem oantroffen fan in 76-jierrige ynwenster fan de stêd. It blykt om de frou te gean dy't sûnt ôfrûne nacht as fermist opjûn wie. De plysje hat it ûndersyk yntusken ôfsletten en lit witte dat der gjin misdriuw yn it spul is.