UPDATE: Drachtster ferstoarn nei ûngelok by Warten

01 sep 2017 - 14:27

By Warten is freedtemoarn in man (20 jier) út Drachten slim ferwûne rekke by in ûngelok oan de Stûkenwei. Om twa oere middeis melde de plysje op Twitter dat it slachtoffer yn it sikehûs ferstoarn is.

De bestjoerder ferlear troch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer en doe rekke syn auto op 'e kop yn in sleat. De man is nei it sikehûs brocht. Neffens tsjûgen is it slachtoffer in skoft reanimearre. De helptsjinsten rieden manmachtich út. De dyk wie in skoft ôfsletten.

Trefwurden: 
oanriding Warten Stûkenwei
(advertinsje)
(advertinsje)