Gjin bekerfuotbal VV Drachten troch te min frijwilligers

31 aug 2017 - 23:09

Fuotbalklup VV Drachten lûkt trije jeugdteams werom út de bekerkompetysje. Dit wykein binne de earste wedstriden, mar de klup krijt it net foar mekoar om genôch frijwilligers te finen om de leden te begelieden. Foar de reguliere kompetysje wurdt noch nei in oplossing socht.

It wie in dreech beslút foar de kluplieding om teams werom te lûken, mar it koe echt net oars, seit Jouke de Vries. Hy sit yn it bestjoer fan VV Drachten, en giet oer it jeugdfuotbal.

(advertinsje)
(advertinsje)