Rydt de trein daliks ûnder it Van Harinxmakanaal troch?

31 aug 2017 - 22:49

De gemeente Ljouwert is serieus dwaande mei plannen foar in nij spoar-akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal troch. It giet om it spoar tusken Ljouwert en It Hearrenfean.

De plannen binne noch net konkreet. De gemeente docht op dit stuit ûndersyk nei de helberheid fan sa'n akwadukt. Dêrmei moat de Rânestêd in stik tichterby komme, seit wethâlder Friso Douwstra.

(Advertinsje)
(Advertinsje)