Boargemaster Crone fynt opskuor oer besikers LF2018 spitich

31 aug 2017 - 22:32

Boargemaster Crone fan Ljouwert fynt it spitich dat der opskuor ûntstien is by publyk en lokale polityk oer it ferwachte tal besikers foar LF2018. Nei in ynterview mei skiedend direkteur Lieven Bertels yn de Fryske media waard dúdlik dat it oarspronklik neamde tal besikers fan 4 miljoen minsken nei ûnderen bysteld wurde moat. Neffens Bertels komme der heechút 1,4 miljoen besikers yn 2018 nei de Kulturele Haadstêd.

VVD-riedslid Harry Bevers seit yn in reaksje foar Omrop Fryslân dat hy benaud is dat der mei minder besikers ek minder jild yn de ponge komt. Dat hat dan gefolgen foar de begrutting. Bevers ferwyt de organisaasje fan LF2018 dat dy mei de ferkearde sifers bewust in te posityf byld fan de Kulturele Haadstêd sketst. Boargemaster Crone seit dat altyd dúdlik west hat dat it net om 4 miljoen besikers giet, mar om 4 miljoen besites. De totale finansjele opbringst is dêrtroch net minder. Crone ferwyt de media dat dy net soarchfâldich west hat yn de berjochtjouwing. Dêrtroch hat it publyk mooglik in ferkearde yndruk krigen. Benammen it Friesch Dagblad hat neffens him de strekking fan it boadskip fan Bertels net goed ferwurde. Sjoernalist Patrick van 't Haar lit yn in reaksje witte dat er him net werkent yn de wurden fan Crone.

(Advertinsje)
(Advertinsje)