Man smyt beton fan fiadukt ôf, auto kin it krekt ûntwike

31 aug 2017 - 21:14

De plysje siket in man dy't tongersdeitejûn fan in fiadukt ôf in stik beton op de N381 by Appelskea smiten hat. De bestjoerder fan in auto dy't der ûndertroch ried, koe it stik beton noch mar krekt ûntwike.

Mei burgernet hat de plysje besocht om de man te finen, mar dat hat neat opsmiten. It soe gean om in man fan in jier as 50, mei in stevich postuer, en in fel oranje t-shirt oan. Hy ried op in fyts mei fytstassen.

Trefwurden: 
beton N381 Appelskea fiadukt
(advertinsje)
(advertinsje)