Flak foar de falbile fynt Hearrenfean mear bûtenlansk talint

Mei de komst fan in Deen en in Australiër sit de transferperioade der op foar SC Hearrenfean. Der komt neat mear by, en der giet ek neat mear fuort, seit technysk direkteur Gerry Hamstra. De opmerklikste transfer is dy fan doelman Martin Hansen, dy't op hierbasis nei Fryslân komt.
Hearrenfean hie bot ferlet fan in nije keeper, omdat earste doelman Warner Hahn blessearre is. Hy sit noch seis oant tsien wiken yn de lapekoer. Dêrtroch wie Wouter van der Steen de iennige dy't noch ûnder de latte stean koe. Hamstra: "Stel je voor dat er wat met Wouter gebeurt, je hebt twee goede keepers nodig".
Hansen stiet ûnder kontrakt by it Dútske FC Ingolstadt 04. Dat is in klup út de twadde Bundesliga. Hy is yn Nederlân foaral bekend trochdat er mei in hakbal skoarde tsjin PSV doe't er yn it seizoen 2015/16 by ADO Den Haach ûnder de latte stie.
Australyske oanfaller
SC Hearrenfean nimt John Iredale oer fan Sydney FC. De 18-jierrige Australyske oanfaller tekenet in kontrakt foar twa seizoenen mei in opsje foar noch twa jier. Hy wurdt yn earste ynstânsje ynsetten by Jong Hearrenfean en de ploech ûnder de 19 jier.
De jonge oanfaller makke yn july syn debút yn it earste alvetal fan Sydney FC yn in oefenwedstryd tsjin Arsenal. Hy stiet neffens technysk manager Gerry Hamstra yn eigen lân bekend as grut talint.