Snobbersguodfabryk yn Drachten ûntromme nei brânlucht

31 aug 2017 - 18:39
Foto: De Vries media

In snobbersguodfabryk yn Drachten is tongersdei oan it begjin fan de jûn ûntromme neidat meiwurkers in brânlucht rûkten. Al it personiel, sa'n fyftich minsken, moast nei bûten ta. Dit gebeurde sûnder problemen. Neffens de brânwacht wie der wat mis mei in masjine dy't moal transportearret. Brânwachtminsken mei adembeskerming ha de masine út mekoar helle, op oanwizingen fan de technyske tsjinst fan it fabryk.

Wat foar gefolgen fan de stikkene masjine hat foar de produksje fan it snobbersguod is net bekend. It bedriuw makket ûnder oare dropkes, skúmkes en jellybeans.

(Advertinsje)
(Advertinsje)