Lytse twa ton subsydzje foar ûnderhâld njoggen tsjerken

31 aug 2017 - 18:01
Foto: Tsjerke Huzum

De stichting Alde Fryske Tsjerken krijt in lytse twa ton subsydzje fan it Ryk foar it ûnderhâld fan njoggen fan syn tsjerken. It measte jild giet nei de doarpstsjerke fan Ljouwert-Huzum. Hjirfoar is goed 43.000 euro beskikber. Fierder is der jild foar de tsjerken fan Bears, Jouswier, De Gordyk-Koartsweagen, Olterterp, Eastrum, Twellingea, Wier en Dedzjum.

De subsydzje is foar it ûnderhâld de kommende seis jier. Om it wurk folslein útfiere te kinnen, moat de stichting Alde Fryske Tsjerken sels ek hast twa ton op tafel lizze.

Woansdei waard bekend dat de Stichting Behoud Kerkelijke Gebouwen foar njoggentjin tsjerken jild krijt foar it ûnderhâld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)