Omrop TIP: It Fryske Wetter

Fryslân is de provinsje mei de measte wetters fan Nederlân. Mei prachtige grutte marren en moaie sleatsjes op it boerelân; it wetter is altyd tichteby.

Wetternatuer

Minsken genietsje alle dagen fan de wetternatuer. Mar hoe stiet it eins mei it wolwêzen fan dy natuer? In soad minsken witte der neat fan: de planten en bisten, it lânskip ûnder wetter en noch djipper, it wetter yn de boaiem. Dat is foar de measten fan ús in ûnbekende wrâld. Dat it net goed giet mei de wetternatuer, dêr steane wy net by stil.

De mins en it klimaat

De dokumintêre It Fryske Wetter dûkt de wetternatuer yn, op syk nei de moaiste plassen, plakken en sleatten. Hjir ûntdekke wy de bysûndere natuer dy’t by it wetter heart en hearre wy hokker oplossingen der betocht wurde om de wetternatuer te helpen. De twa belangrykste ynfloeden hjiryn binne de mins en it klimaat.
De Fryslân DOK dokumintêre 'It Fryske Wetter' is yn twa dielen te sjen op snein 3 en 10 septimber fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân. De dokumintêre is ek te sjen op NPO2 op sneon 2 en 9 septimber om 15.30 oere en snein 3 en 10 septimber om 13.05 oere.