Identiteit deade man It Amelân bekend: gjin misdriuw

31 aug 2017 - 16:58
Foto: ANP

De plysje wit wa't de man is dy't tongersdeitemoarn fûn is op it strân by Hollum op It Amelân. Rûn acht oere waard melding dien fan in stoflik omskot. Neffens de plysje is dúdlik dat de man net troch in misdriuw om it libben kaam is.

Der wie al gau dúdlik dat it net om in fermist persoan gie. It strân is ek koart nei de fynst wer frijjûn foar publyk. De deade man is nei in mortuarium brocht.

(advertinsje)
(advertinsje)