Engbert van Esch hâldt op as wethâlder yn Eaststellingwerf

31 aug 2017 - 16:21

CDA-wethâlder Engbert van Esch komt nei de riedsferkiezingen fan takom jier net werom as wethâlder fan Eaststellingwerf. Hy hat syn partij witte litten dat er net ferkiesber is.

Van Esch is al 24 jier aktyf yn de gemeentepolityk, wêrfan tolve jier as riedslid en tolve jier as wethâlder. Hy sil de kommende tiid op syk nei in nije útdaging. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)